22

22 Mandeguod TRYATER Vader en zoon, oandwaanlike teaterdialooch yn Mantgum Op woansdei 27 oktober spilet Tryater de foarstelling Vader en zoon by De Wjukken yn Mantgum. Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans Vader en Zoon. No stean se wer tegearre op it toaniel mei Vader en zoon, mar der is wol wat feroare. De humoristyske, oandwaanlike en soms pynlike teaterdialooch giet op freed 8 oktober yn premjêre by Tryater. De foarstelling – dy’t regissearre wurdt troch Liesbeth Colthof – spilet oant en mei 18 desimber yn teaters en doarpssealen troch Fryslân en Grins. Yn de foarstelling fan tweintich jier lyn hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars? Foto: Florian Cats

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication