25

oktober 2021 25 Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Begjin augustus kaam Geart Room mei syn hûntsje by ús del en fertelde dat hy foar Mandeguod in stikje skriuwe soe. It gie oer it artikel “Wat hinget der by jim oan de muorre.” Yn it augustusnûmer wie it resultaat te lêzen. Jantsje, syn frou, hat der wat moais fan makke, dat tige nijsgjirrich wie om te lêzen. Dat der yn harren hûs (it âlde plysjeburo) in sel sit mei in betonnen bêd. Nea witten! Wy meie dus wol oppasse as wy dêr oan ‘e doar komme. Je witte mar noait. Foar ‘t selde helje se in grap út en hâlde se ús in nacht fêst! Jim begipe fansels wol dat wy it stokje oernaam ha. Mar as it dan safier is om wat te fertellen oer dingen dy ’t by ús oan de muorre hingje, dan falt dat noch net iens ta. Op it lêst kaam der in idee op. De Toscaanse Kapel Om’t der yn ús hûs in soad muzyk makke is en noch wurdt, foel de kar op de fotokollaazje fan de Toscaanse Kapel. In programma dat ik yn 2013 skreaun ha foar it ôfskie by de Friesland Bank yn Ljouwert. Om’t ik myn gefoel oer ôfskie nimmen en alles wat ik belibbe hie yn myn wurksume perioade in plakje jaan woe, ha ik doe de direksje frege of ’t dêr de mooglikheid ta wie. Ik krige grien ljocht en koe myn plan útwurkje. Der waard in band gearstald mei dêryn in pear kollega’s, werûnder Greetje Wiersmade Groot, bekend fan it duo Bauke en Greetje. Fierder dienen der twa soannen fan my mei (Wouter en Jelmer) en in freon Klaas de Jong út Menaam. It wie in pear moanne hurd wurkjen want tekst en muzyk moasten noch skreaun en makke wurde. Nei in prachtige perioade fan skriuwen en repetearjen koene wy op 31 maaie 2013 de earste útfiering ûnder de grutte glêzen koepel fan de Friesland Bank (no Rabo Bank) sjen en hearre litte. Fanwege it grutte súkses mochten wy it programma op 20 juny 2013 nochris foar it fuotljocht bringe. Ek wer ûnder de koepel fan de bank. In prachtige herinnering. Nei dit súkses binne wy trochgien as ‘Hy en Sy” theater en muzyk. Mei in nij programma “Alles op Oarder” wêr’t wy ferskate kearen mei fuort west ha. Spitich is it, dat fanwege koroana dit al hast 2 jier stil leit. De flyers fan ús nije en tredde programma lizze noch yn in doaze op souder te wachtsjen. Lokkich wurdt hjir noch altyd muzyk makke. Sa kaam Jaap Noorman ferline jier del en frege of’t ik him it gitaarspyljen leare woe. Hy hie ien lizzen en woe it graach →

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication