40

40 Mandeguod Nei twa jier wer nei Hongarije Nei sa’n twa jier sparjen, stiene der op ferskillende plakken 660 doazen mei twaddehânsk klean en boarstersguod opslein. Klear om ferfierd te wurden nei Hongarije. It bleau lang spannend oft we dizze simmer ôfreizgje koene. Mar úteinlik gong ein juny de grins fan Hongarije iepen, in wike letter wie it foar toeristen mooglik om in hotel te boeken, de tehuzen yn Hongarije wiene iepen foar besikers en wy hiene beide de faksinaasjes hân. Grien ljocht dus! Op freed 30 july kaam de frachtauto yn Hilaard en stie der in hiele ploech manlju klear om yn te laden. Geweldich dat der altyd safolle minsken helpe mei it sortearen en it ynladen! Doe’t wy de woansdeis dêrnei oankamen yn Kisléta stiene alle doazen al kreas opsteapele yn de gymseal. We moasten ús earst melde by de direktrise, mar it duorre wol even foardat wy boppe wiene. De bern hiene ús al spotten en dy woene fansels oankrûpe, byprate en foto’s fan ús bern sjen. Neidat we elkenien begroete hiene, koene wy fuort in begjin meitsje mei it sortearen fan de doazen op kleur. Omdat de gymseal foar de helte fol stie mei bêden wie dat noch in hiele puzel. It slagge dan ek net om it yn ien kear te dwaan. Tongersdeitemoarn hawwe wy de rest dien. In karre wie ek samar regele en dus koene wy de jûns de tehuzen maile wannear’t we komme soene. It lange wykein waard ynfolle mei in dei Debrecen, coktails drinke op it terras en in bbq by minsken thús. In hiele middei Hongaarsk praten, we wiene it noch net ferleard. Moandeitemoarn koene we de karre al betiid ophelje en we hoegden dizze kear sawier net lâns de garaazje om de achterljochten repareare te litten. Nei it ynpakken dêr’t in soad bern mei helpe woene (allegear op kop en earen derby) hawwe wy earst kofjedronken mei in

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication