41

oktober 2021 41 kocht fan de donaasjes dy’t ferskate minsken dien hawwe. freon dy’t sûnt koart yn it tehûs wurket as fersoarger. Wy seagen even op syn ôfdieling dêr’t foaral jongere bern lizze. It rekket ús alle kearen wer as we sjogge hoe’t guon bern de hiele dei allinne mar yn harren bêd lizze. Se wurde goed en mei leafde fersoarge, mar jild en tiid foar terapy of om se wat te learen is der net. Nei dizze pauze rieden we nei Nyírbátor. It foel ús op dat der yn dit ynternaat no folle mear bern binne mei sichtbere problemen. En dat hâldt yn dat it wurk foar it personiel ek net makliker wurdt. Dêrnei troch nei Nyírbéltek. Flak foardat wy yn Hongarije oankamen, hiene se in simmerstoarm yn de provinsje. Trije dagen gjin stroom, wetter ensfh. Se hiene ús mailtsje dus mist en it wie in ferrassing dat we kamen. Mar gjin noed, der waard fuort fan alles oantúgd en we koene sa oanskowe by it ebéd (lunch). Werom yn Kisléta bêdeguod en sokken foar it A-paviljoen ôflevere yn de wasserette, It ôfrûne jier Foar tiisdei stiene earst Tiborszállás en Mérk (âldereintehuzen) op it programma. Fansels gie it petear mei de meiwurkers yn de tehuzen faak oer it ôfrûne (koroana)jier. Yn Tiborszállás binne in soad minsken earnstich siik rekke of ferstoarn. Yn Mérk, dat mar in pear kilometer fierderop leit, hiene allinne wat meiwurkers siik west. Ferrassend, al moatte we sizze dat de iennige kear dat wy kontrolearre waarden yn Mérk wie. De portier moast ús temperatuer mjitte en it faksinaasjeboekje sjen. Fierder wie it krekt of bestie koroana yn Hongarije net mear. Der waard yn in soad gefallen mei ús fûstke, we waarden oankrûpt, der waard op ús omtute en by de winkel yn de rij krûpten minsken je ek hast yn ’e bûse. Yntusken hie wol elkenien it oer de fjirde golf dy’t oansteande is en dat de skoallen yn septimber wierskynlik wer ticht moatte. We wiene yn beide plakken gau klear. Faak wurdt yn Mérk ek ebéd regele, mar dizze kear wiene se danich yn de stress. We moasten earst útlade want de hege baas kaam del foar ynspeksje. Nei in koarte pauze by ús appartemint koene we nei Nábrád (dei-opfang handikapten). Dêr koene we aardich wat doazen kwyt, dy’t allegearre brocht wurde by earme famyljes yn de →

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication