42

42 Mandeguod omkriten. Mei Káta, de mem fan ien fan de bern, en de twa nije direktrises giene we út te iten yn Fehérgyarmat. Toeristyske rûte Woansdeis hoegden we allinne mar nei Gönc, mar dêr wiene we wol hast de hiele dei mei besteld. It is al in ein riden en as der dan ek noch op ferskillende plakken oan de dyk wurke wurdt! De weromreis in toeristyske rûte dien, in bytsje spannend wol mei de karre skerpe bochten yn heuvelachtich gebiet. De deis dêrnei moasten we earst even wat langer mei ‘ús eigen direktrise’ prate. We mochten dit jier net yn it hûs dêr’t we oars ferbliuwe. Net komfortabel genôch fûnen se yn Kisléta. Takom jier, as de bern allegearre wer meiwolle, kin it wol. De direktrise soe in potsje jild sykje foar it skjinmeitsjen en lytse reparaasjes. En dan bliuwt de taal- en kultuerbarriêre dochs wol wat lestich. Wy hawwe besocht út te lizzen dat dat foar ús net hoecht (wy kinne sels himmelje en dat der wat ferve fan de muorre falt is ek gjin probleem), mar it wie gjin punt fan diskusje! No ja, meglátjuk (we sille it sjen) takom jier. Dêrnei nei it blijf van mijn lijf huis yn Nyíregháza riden om spul te bringen. De bewenners en foaral de bern wiene bliid mei al it (nije) spul. De froulju fan de ferskillende breiklups hiene dan ek prachtige truikes, sjaals en tekkens breide en poppen moai oanklaaid.

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication