43

oktober 2021 43 Middeis arrivearren we oan de lette kant yn Berettyoújfalu. It kantoarpersoniel soe al nei hûs. Dochs wie de ûntfangst hiel hertlik. We hawwe noch even Nederlânsk praten mei in jonge dy’t earder faak yn de fakânsje by in Nederlânsk gastgezin kaam. Koe hy moai wer even oefenje, al waard it wol wat in babiloanyske tastân mei Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en Hongaarsk trochinoar. Op de weromreis kamen we troch Bocskaikert dêr’t ús favorite restaurant stiet. Tradysjegetrou in houten planke mei ferskillende soarten fleis en as dessert somlói galuska besteld. Foar wa’t sels somlói meitsje wol, sjoch it resept op de folgende side. It Reade Krús En doe kaam de freed en dêr hiene we wol wat tsjinoan sjoen. Freeds geane wy altyd nei it Reade Krús en Julia giet dan mei. Yn Nederlân hiene wy har besocht te beljen, mar har telefoan wie ôfsletten. Yn Kisléta hawwe se doe foar ús belle mei it Magdaleneum dêr’t Julia earder wurke en dêr fertelden se dat se foarich jier ferstoarn is. We sille har sa ferskriklik misse! Safolle moaie en bysûndere mominten mei har belibbe en no is se der net mear by. Foardat we nei it Reade Krús gongen, hawwe we earst nei de tsjerke yn Mariapócs west om in kearske foar har oan te stekken. Yn Nyíregyháza koene we ek sa’n 85 doazen achterlitte en de meiwurkers lieten ús sjen wat se de kommende tiid dwaan sille. Foar 130 famyljes stiene der foedselpakketten en pakketsjes mei fersoargingsprodukten klear. De meiwurkers fan it RK hawwe it ferskriklik drok hân it ôfrûne jier, want ek hjir binne in soad minsken wurkleas rekke of faillyt gien. De lêste doazen wiene foar Kisléta sels. De meiwurkers fan de wasserette en de bern wiene yn elk gefal al wer hiel wiis mei de t-shirts en wurkklean dy’t ek yn de doazen sieten. Wy hawwe wer in moaie tiid hân! It wie moai fansels om alle bekenden wer te sjen, mar ek fertrietlik dat guon der net mear binne. Moai dat we dit wurk dwaan meie, mar ek tryst dat it noch altyd nedich is. Tank foar alle help, donaasjes en it meilibjen! De earste doazen foar takom jier steane alwer klear..... Jelle en Renske Swannedrift 28 Mantgum →

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication