Partoer Renze Pieter Hiemstra wint 75-ste Lytse PC Mantgum MANTGUM - It wie mei rjocht in “lytse pc” dit jier. Yn it 75-ste jubileumjier stiene der mar 9 partoer op de list. Dat is fansels fierstente min foar de “lytse-PC” dy’t fanút de histoarje wei bekend stiet as in klassiker foar de hearen earste klasse keatsers. Sa oan de ein fan it seizoen binne der mar in bytsje keatsers waarm te meitsjen foar it earsteklas frije formaasje keatsen. De moaie haadpriis: Mountainbikes, mei mooglik makke troch Bike Totaal De Jong fan Wommels, feroaret dêr neat oan. Der wurdt drok spekulearre wêr’t dat him no oan leit. Is it de sneon en it fuotbal? Is it seizoen te lang? Of soe it in feroare mentaliteit wêze? Nettsjinsteande dat der mar 9 partoer op de list stiene hawwe wy in moaie keatsdei hân. De oanwêzige partoeren wiene meastentiids oaninoar weage en hawwe de taskôgers mei spannende partijen oant en mei de lêste slach fermakke. De list wie sadanich dat in protte foarseine dat it betûft partoer fan Renze Pieter Hiemstra, Hans Wassenaar en Elgar Boersma de finale wolris helje koene. De âld haadklassers wûnen yn de earste omloop en stiene troch in steand nûmer fuortendaliks yn de heale finale. De twadde heale finalist bestie út it partoer fan Jarno Feenstra, Rink Sterk en de nei de twadde omloop bylotte Jorrit Nanninga. Sy wûnen yn de twadde omloop mei 5-4 40 | Mandeguod oktober 2025 6-6 fan it partoer fan Thom Stellingwerf, Jan Bandstra en Verry van der Meer. Heale finale: Yn in spannende heale finale wie it derop of derûnder. Beide partoeren bliuwe inoar yn lykwicht hâlden, it wurdt 2-2 gelyk yn earsten. Mar dêrnei rint it partoer fan Nanninga-en-dy út nei in 4-2 foarsprong. It feit dat se efter stean docht it fjurke benammen by Hans Wassenaar oanwakkerjen. Mei fantastysk opslachwurk en efteryn gjin bal fertroud sette de manlju it rjocht nei 4-4. Trochdat se dêrnei wat foutsjes meitsje jouwe se in earst fuort en komme se opnij op in 4-5 efterstân. Yn it opfolgjende earst wer, en net foar it earst, in 6 gelyk situaasje. Der leit in lytse keats, Jorrit Nanninga slacht op, de bal komt achteryn en Hans Wassenaar slacht de bal grandioas boppe. It wurdt 5-5. Yn it lêste en alles beslissende earst giet it ek wer lykop oant 4-4. De spanning wurdt grutter en it partoer fan Jorrit Nanninga fielt de druk. It slagget net om mei harren opslach it perk fan slach te bringen,
41 Online Touch Home