44

Wat hinget der oan ‘e muorre by Sjoukje de Jong? By ús yn ’e hûs hinget der foaral in protte kleur oan de muorre. Yn de keuken, efter de tafel, hinget in grut doek van Gelske Herder. Sy is ien fan de keunstners fan de keunstgroep Atteljee, dêr’t minsken mei in beheining mei in protte wille keunst meitsje. Je kinne dy keunstwurken liene as keapje. Dit wurk “De boer met z’n koeien” hat earst in skoft yn myn lokaal yn Baard oan de muorre hongen as ûnderdiel fan in lienkolleksje. Dy kolleksje wiksele hieltyd troch, mar doe’t we yn 2010 de kaaien fan ús hûs krigen wist ik fuort dat ik dit wurk helje woe foar by ús thús. Ik hie it ek al kocht foardat Jurriaan it sjoen hie… Gelokkich spruts it skilderij him ek wol oan. It wurk is hiel kleurich, boartlik en expressionistisch. Ik bliuw it in hiel oansprekkend skilderij finen. Yn ’e keamer hingje ferskate dingen oan ’e muorre, mar ek hjir komst wer kleur en boartlikens tsjin. Sa hingje der twa grutte fûgels fan lego oan de muorre dy’t ik tegearre mei Melle makke ha en hinget der in IXXI mei in grutte tigerkop boppe Imke har boartersplakje. 44 | Mandeguod oktober 2025

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication