50

Plan Boppeslach Boppe Fertier (30-8-2025) Doe’t ik frege waard om in stikje te skriuwen foar de Mandeguod oer ús moaie feestje op Plan Boppeslach, frege ik earst efkes: wat wie eins de reden foar it feestje? It antwurd dat ik krige wie ferrassend, mar ek machtich: in echte reden wie der net... Mar wa wol der no net in feestje? En dat is krekt wat Boppeslach wie: in prachtich feestje foar jong en âld. En wat wienen we ek bliid dat Maria har schietgebedjes harren wurk dien hiene. Twa spatten rein, en dêrnei prachtich waar! It programma wie sa betocht dat der foar elkenien wat te dwaan wie. De boatsjefarders mochten as earsten fuort. Mei de mannen fan de Wietwetterklup as skippers setten sy koers rjochting De Dille, wêr’t kofje mei wat lekkers en in lyts optreden fan Hette en Gryt op harren wachte. Dêrnei setten de fytsters ôf. Sy hiene in flinke rûte fan 40 kilometer yn it foarútsjoch en moasten ûnderweis flink oan ’e bak mei de puzzelopdrachten dy’t Anke en Esther betocht hiene. Gelokkich mochten se efkes útpûste by it Krúswetter yn Littens. 50 | Mandeguod oktober 2025

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication