Justerjûn wie it wer safier. Op sneontemoarn ‘Op en Út’ ek op de radio heard as sjoen? No, oanstekkende wurden yn ’e útstjoering fan Miranda van der Steen en Gjetsje Terpstra oer it programma fan it jierlikse “Tusken Tsjerke en Kroech”. Wy ha genoaten fan ‘it korps’, it iten, de foarstellingen en de neisit. By it miel siet neist ús in pear út Drinte (40 jier ferlyn ferhuze fanút Burdaard). No op fakânsje by de Snitser Mar. Kamen fytsendewei by tafal “in spyljend korps” op in gersfjild yn Mantgum tsjin. Doe yn petear mei in Mantgumer en se fregen wat d’r te rêden wie. De reaksje kaam hjir op del dat sy in kaartsje kocht hawwe. En fansels in hapke mei ite en fierders alles meimakke ha! Hoe gastfrij wolle wy it hawwe! Dat allinne makke foar ús dizze jûn mear as in gouden jûn! It waard foar de frywilligers sadwaande in ‘latertje’ yn ’e Wjukken. Sjappoo! Sjouke Dykstra Dit jout ús wol wat noed oer de takomst fan ’e organisaasje. Fansels, Frisia1874 is winliken in toanielferiening mei leden en gjin “organisearjend kommitee”, mar foar in jierlikse toanielútfiering wie de lêste jierren fóár TTeK net folle belangstelling mear, de tiden feroarje en in elk hat it drok mei syn of har eigen dingen. Wy hearre deselde lûden by De Wjukken, wêr’t it ek al lestich is om frijwilligers te finen. It soe spitich wêze as in feriening dy’t al 150 jier bestiet, teloar gean soe troch in tekoart oan belangstelling. Omdat der fan it bestjoer twa minsken út ’e organisaasje geane, wol it bestjoer 26 | Mandeguod juli/augustus 2024
27 Online Touch Home