Doarklink Yn Reduzum hiene wy de winkel fan Kees Jellema, mei flierbedekking, gerdinen en foernitueren sa as “garen en band”, jern dus, dat koe doe noch yn in doarp. En ast dy winkel yngiest, diest de doar iepen mei in koperen klink, in hânsel mei dêrboppe in “drukding” om de skoat fan it slot te betsjinjen, sa koe eltse klant sels de winkel yngean. Us hûs hat, as âlde bakkerswinkel, ek sa’n klink. As ik dit koperwurk betsjinje, sjoch ik faak noch frou Jellema achter de toanbank stean, mei de hege kast mei rôlen stof achter har en de Nur Die-hoazzen (it merk bestiet nóch!) op in kastje njonken de toanbank, njonken de SetterSet, ek sa’n merk út ’e jierren sechtich, mei in Lassiehûn op ’e ferpakking. De winkel wie wat tsjuster en der hong altiten in hiel spesjale lucht, in mjoksel fan wol, lym en kokosmatten. Of wie it linoleum? Jellema hie by ús thús yn ’e keamer ek kokos lein, brún mei giele ruten, foar jonge bernebleate-fuotten net noflik. Ja, sokke prakkesaasjes kamen by my boppe doe’t ik fannewike it koperwurk fan ’e foardoar skroeve. Wy wenje yn in âlde bakkerij, boud yn 1897 troch Klaas Barteles Jansma dy’t fan in eardere kûperij in bakkerij makke troch it âlde hûs te slopen en der in nijmoadrich gebou del te setten, mei winkel en bakkerij mei in 38 | Mandeguod juli/augustus 2024 ûne (okee, hjoed de dei sizze de moderne Friezen oven). De winkel wie, nei’t de lêste bakker opholden wie, by de lytse foarkeamer lutsen troch in muorre te ferpleatsen, mar de foardoar is noch altiten de winkeldoar út 1897. Mei koperen winkelklink-meidrukdinkje dus, model Jellema, in elk kin by ús sa ta de gong ynstappe. Hûnderten Mantgumers hawwe dit klinkje betsjinne, it fet fan hûnderten hannen moat op it klinkje sitten hawwe, der hie in kompleet DNA-profyl fan Mantgum fan it klinkje ôfskrabbe wurde kinnen. Eartiids siet der in koperen bel op ’e doar skroeve en dan kaam de bakkerinne út it lytse keamerke om de klant te skewielen; dy bel is der net mear, wy hawwe no in losse koperen bel flak by de souder fan ’e gong en dy hearst troch it hiele hûs.
39 Online Touch Home