57

Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Kinst yn myn gefal better sizze ’Wat hinget der nèt by dy oan ‘e muorre?’ Lit ús yn ’t hert fan ’t hûs begjinne: yn ‘e keuken. In poster mei allegear antike teekopkes der op ôfbylde (55 ferskillende!). Dan in houten rekje dat (myn ferstoarne man) Popke makke hat en dêr’t fiskskaaltsjes yn thús hearre. Wer wat fierder wer in rek mei myn samling fiskboarden fan Richard Bramble, byinoar sparre fia in boekwinkel yn Nes dy’t sok servysguod ferkeapet (froeger neamden se soks in ‘branchevreemd artikel’). Alle kearen as ik op ’t Amelân kaam, mocht ik wer ien keapje. No is it rek fol, dus der hoege gjin mear by. Wer fierder, heal ferskûke achter in gerdyn allegear guod mei ôfbyldingen fan sitroenen, of yn ‘e foarm fan sitroenen. → Mandeguod juli/augustus 2024 | 57

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication