58

Dan in linnen lape mei flaaks print, (‘afbeelding van vlas’) krige troch in gearwurking fan Nynke Runia, fan ‘De blauwe lijn’ yn Blije; dy’t elk jier de Flaaksroute organisearret en myn wurk by Tresoar. Wy hiene doe in hiele moaie keunsteksposysje fan keunstners dy’t oan de hannekemaaierrûte wennen. Fierders in ynliste teedoek, mei in ôfbylding fan krabben en kreeften, ûntwurpen troch de Skotske keunstner Caroline Cleave. Ansichtkaarten yn listjes, sa as kaarten dy’t ik yn in museum kocht haw, of yn in moaie kaartewinkel yn it bûtelân of yn it Coda papiermuseum yn Apeldoorn. Mar ek reproduksjes of foto’s fan keunstwurken, of gewoan út in tiidskrift knipt en ynliste (it kin allegear) en wat pantsjes, in skaal dy’t ús heit alris wûn hat mei it keatsen. Dêrnjonken akwarellen fan Hennie Dijk-Stel dy’t ik ek troch eksposysjes fan de Fria keunstners op myn wurk by Tresoar kennen leard haw. Ien mei rabarber, in oaren mei ierdbeien en ien mei flaaks. Der hinget ek in skilderijke tusken fan Gerrit Wijngaarden mei in ôfbylding fan in strúske strinkjebeiden (‘trosje rode bessen’), foaral omdat ik gek bin om beien te ferwurkjen ta beisop. Yn (Amearikaanske) films sjochst wol dat minsken in honkbalkneppel ûnder it bêd ha; ik ha in baas daairôle oan ’t lewant…. Dy hat noch fan in bakker út Garyp west, gjin idee hoe’t ik der oankaam bin. Neist dierbere foto’s fan ús bern, hinget der yn ‘e keamer in fotogedicht dat ús Antsje ea makke hat. 58 | Mandeguod juli/augustus 2024

59 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication