11

Brief fan it Kwartettekoar Fûns, 31 oktober 2020 Oan tsjerkerieden en foargongers fan de Protestantske tsjerken yn Fryslân Achte lêzers, Graach freegje wy Jo oandacht foar it folgjende. Fyftjin jier lyn, yn 2005, rjochte Hindrik van der Meer it Kwartettekoar op mei it doel om de earetsjinsten yn Fryslân te ferrykjen mei eigentiids, frysktalich materiaal. It koar soe dat materiaal ynstudearje en sjongend en spyljend trochjaan oan de gemeenten. Mear as tachtich sjongers oeral út Fryslân en sels dêrbûten fielden har oanlutsen ta dy opset en it koar luts in muzikaal spoar troch Fryslân. Ut it oparbeidzjen fan dichter Eppie Dam en komponist Hindrik van der Meer ferskynden tal fan nije wurken. De lieten út ”De keunst fan it libben” en “Minsken fan’e dei” sil mannich tsjerkegonger noch heuge. Utjouwerij Intrada joech it wurk út en it wurke ynspirearjend, want ek pleatslike tsjerkekoaren studearren it yn. Neist de mear as tsien liturgyën waarden twa musicals, Jona en Ruth útfierd. Doe’t Hindrik van der Meer yn 2018 tachtich jier waard, joech er oan te sykjen nei in opfolger. It bestjoer woe Hindrik lykwols net mei de stille trom gean litte en kaam mei it idee him foar syn wurk te earjen mei it útjaan fan in bondel. Utjouwerij Intrada naam it idee oer en “Hertslach” ferskynde. Yn it prachtich útfierde boekje mei as ûndertitel “Om it út te sjongen” steane net allinne 80 lieten fan Dam en Van der Meer, mar ek oare fryske dichters en komponisten binne tige fertstjintwurdige. Mei 170 lieten is der materiaal foar alle liturgyske momenten yn de earetsjinst. Einredakteur Eppie Dam soarge foar dúdlike paadwizers. 11

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication