8

Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom Myn jierlikse bydrage oan dit magazine skriuw ik mei nocht. It fielt foar my as de oankundiging fan de maitiid en foar it doarp Grou fan in nij farseizoen. Grou is ommers ít wettersportdoarp dat fan de moanne maaie ôf mei iepen earms de boaten ûntfangt. En mei dy boaten fansels alle skippers en toeristen. Oft ien út de provinsje komt of fan earne oars, Grou is foar elkenien in hearlik doarp om in dei of meardere dagen te wêzen. Om te genietsjen op it wetter of yn it doarp in terraske te pakken. Efkes hearlik te winkeljen of in kuier lâns it wetter te meitsjen. Ik fertel jo graach oer Grou om’t it goed sjen lit, wat Fryslân te bieden hat. En dan ha ik it net allinne oer alles wat op en om it wetter te sjen is, mar ek oer de fiergesichten, de romme loften en de freonlike doarpen. Grou is dêr in geweldich moai foarbyld fan. Genietsje jo fan it hjoeddeiske Grou, dêr’t de skiednis ek fan ta de ferbylding sprekt. It doarp hie yn de foarige iuwen ferskate beneamingen lykas Growe en Grouwa. Hjir binne allegearre ferklearringen foar, wat soarget foar prachtige ferhalen. Jo lêze mear oer Grou yn dit magazine. Ik winskje jo hearlike dagen yn Grou. Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 06

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication