8

Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom Grou hat in spannend wettersportseizoen foar de boech. Oan de iene kant is it ûndúdlik hoe’t it der krekt foar stiet, wat de koroanamaatregels oanbelanget, mar it giet yn elts gefal de goede kant út. Der kin hieltyd mear. Oan de oare kant bliuwt it lestich en is it min te sizzen hoe‘n simmer wy krije. Ferline jier wie it fantastysk mei in soad sinne-oeren en sels hjitteweachen, mar wat it waar bringe sil, is altyd ôfwachtsjen. Der wurdt lykwols wol sein dat min waar net bestiet, allinnich in min sin en ik doar dat fan herte te ûnderskriuwen. Grou hat yn elts gefal hiel wat om elk waartype te wjerstean. It karakteristike doarp hat in brûzjend sintrum mei noch gastfrije aparte winkeltsjes en meardere restaurants mei gesellige terraskes yn it sintrum, mar ek oan it wetter. De wettersporter hat fanút de sfearfolle jachthavens fan Grou direkt tagong ta ferskate grutte marren, fearten en grutskips farwetter. As begjinpunt, tuskenstop of einbestemming is Grou dan ek in net te missen hichtepunt yn dizze wettersportprovinsje. Dêrneist is Grou de tagongspoart ta it tichteby lizzend Nationaal Park De Alde Feanen. Dizze natuer en wetterwrâld is ien fan de ferburgen skatten dy’t Fryslân ryk is en fertjsinnet it grif om neier ûndersocht te wurden. En fansels is de Fryske haadstêd fuort by, net allinnich as boppemjittige minwaarfoarsjenning, mar ek as evenemintenpoadium en kulturele hotspot. Yn Grou en omjowing is it mear dan goed besteed om te ferbliuwen. Yn dit magazine lêze jo dêr alfêst in foarpriuwke fan. Doch der wat mei en mis neat fan wat Grou jo allegearre te bieden hat. Jo binne fan herte wolkom. Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 6

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication