Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom Wolkom yn Grou, it moaiste wettersportdoarp yn it absolute hert fan Fryslân. It doarp hat in iuwenâlde skiednis en dat ferline giet hân yn hân mei it moderne heden. Karakteristike geveltsjes binne stille tsjûgen fan eartiids. Smûke terrassen, orizjinele winkeltsjes en moderne jachthavens binne tafoegingen fan no. In protte ynvestearrings soargje derfoar dat it doarp opbloeit sûnder it autentike yn gefaar te bringen. Grou hat as wettersportsintrum by de Pikmar, de Wide Ie en De Alde Feanen in namme opboud, dy ’t as in peal boppe wetter stiet. Fan hein en fier witte besikers it pittoreske plakje te finen. Grou is dan ek likegoed oer it wetter, de dyk as it spoar makkelik te berikken. En de Grousters bliuwe harren fansels ûnfermindere ynsetten om de oantreklikens en gastfrijheid fan ‘harren’ doarp foar toeristen en rekreanten fierder te fergrutsjen. Grou makket diel út fan de gemeente Ljouwert, wêr ’t troch in soad mooglik is. Yn dit magazine kinne je foaral lêze wat Grou jim dizze simmer te bieden hat. Mar betink ek dat Grou net op himsels stiet. It is in prominent ûnderdiel fan it grutte Fryske Marrengebied en it is de poarte nei de kultuerrike Fryske haadstêd. Mar ek it tichteby lizzende Nationaal Park De Alde Feanen makket yn wêzen diel út fan Grou. Dit natoergebied en dizze wetterwrâld jildt as ien fan de ferburgen skatten dy ’t Fryslân ryk is en dat makket it in ûntdekkingstocht mear as wurdich. Yn Grou komme alle yngrediïnten by inoar foar in slagge fakânsje, in wykein of in dei fuort. Gear te stallen nei eigen kar en foarkar. Grou hjit jim oprjocht fan herte wolkom. Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 6
7 Online Touch Home