6

Wolkom yn Grou De Boargemaster hjit jo wolkom In soad leafhawwers sjogge it hiele jier út nei de start fan it farseizoen. As op 12 maaie it offisjele sein jûn is, begjint foar in soad minsken it grutte genietsjen. En oft jo no wol of gjin boat hawwe, it jout altyd in gesellige sfear op en om it wetter. Yn Grou is dat seker it gefal. Dit gesellige doarp yn it hert fan Fryslân azemet wettersport. Mei dit farseizoen stappe we de maitiid yn. De kommende moannen hoopje we wer genietsje te meien fan de sinne, én fan de wyn. Yn in tiid wêryn ’t wy ús hiel bewust binne fan de soarch foar in skjinne omjouwing, binne beide wichtich om ús op in duorsume wize ferpleatse te kinnen oer de wetters yn en om Grou. Hieltyd faker treffe wy boaten mei elektromotoaren en boaten dy ’t foarsjoen binne fan sinnepanielen. Silend farre we fansels it meast duorsum. Hoe hearlik is it om al dy sylboaten oer de marren en kanalen om Grou hinne te sjen farren. Ik sjoch der nei út. Dat dogge ek de binnen - en bûtenlânske toeristen dy ’t Fryslân besykje foar in fakânsje of in wykein fuort. Fryslân is in moaie provinsje om der sawol ûntspannen as aktyf fan de natuer te genietsjen. Grou is dêrfoar in favorite lokaasje. Neist dat jo der hearlik farre en sile kinne, binne der ek in soad mooglikheden om te kuierjen en te fytsen. Lâns it wetter of troch natuergebiet ‘de Alde Feanen’. Ik bin grutsk op wat Grou te bieden hat. Mei mar leafst goed twatûzen bunder lân en goed fjouwerhûndert bunder wetter is Grou in prachtich part fan de gemeente Ljouwert. Sybrand van Haersma Buma Boargemaster gemeente Ljouwert 6

7 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication